
05-07-2012, 11:34
|
 |
Postwhore
|
|
Join Date: Jul 2005
Posts: 1,388
|
|
Efkes in wichtich berjocht kopieard fan www.redfrysk.nl:
Quote:
De stúdzje Fryske Taal en Kultuer sit yn swier waar. Troch de werstrukturearrings oan de RUG driget it Frysk yn de brede oplieding Europeeske Talen en Kultueren (ETC) noch mar 0,9 fte (dat is noch mar hast ien folsleine baan) oer te hâlden. Dat is fiersten te min om in goede wittenskiplike oplieding garandearje te kinnen en om sichtber te bliuwen foar takomstige studinten. Yn dizze konstruksje sil de stúdzje net lang mear oerlibje en sil in stille dea stjerre.
It Frysk hat as twadde Rykstaal yn Nederlân krigen rjochten en dat jildt ek foar de universitêre stúdzje Frysk. De ôfspraken en ferdraggen dit oangeande kinne allinnich mar rjocht dien wurde as de stúdzje Frysk in selsstannige BA/MA-oplieding bliuwt mei genôch personiel om libbensfetber te wêzen. Sa net, dan sil ek in wichtige ympuls foar de Fryske taal en it Fryske kultuerele libben ferdwine. Dat bestjut net allinne ferlies fan status (dy’t foar in minderheidstaal o sa belangryk is), mar ek dat der yn de takomst gjin wittenskippers, skriuwers, dosinten ensfh. mear ôflevere wurde.
Wy dogge der alles oan om de ein fan de stúdzje foar te kommen, mar dat kinne wy net allinne. Wy sykje sa folle mooglik minsken dy’t harren stim hearre litte wolle en derom freegje wy: tekenje de petysje op www.redfrysk.nl
It is wichtich dat safolle mooglik minsken de petysje tekenje. Wat mear minsken ús stypje wat mear kâns der is dat de polityk en it bestjoer fan de RUG harren betinke. Wy biede de hantekens oan as der mear as 25.000 minsken tekene ha. Dan sette wy ôf nei Den Haach en jouwe it oan de Twadde Keamer en de steatssekretaris. Mar wy sille de petysje ek oanbiede oan it kolleeezje fan bestjoer fan de Ryksuniversiteit yn Grins.
Om te berikken dat der safolle mooglik minsken tekenje freegje wy as eltsenien in berjocht pleatse wol op Facebook, Hyves en Twitter.
|
|